Tjitte Piebenga

Fragment inleiding Verzamelde werk Tjitte Piebenga




Oer libben en wurk fan Piebenga is net in soad skreaun, en it meast noch bûten de twa meast resinte literatuerskiednissen, Zolang de wind van de wolken waait (Amsterdam, 2006) en Koarte skiednis fan de Fryske literatuer (Ljouwert, 2de print, 1997). It besteande byld liket gearstald te wêzen út fjouwer parten dy’t op it earste gesicht neat mei inoar te krijen ha: Piebenga as eksperiminteel dichter (syn wurk waard mei dat fan bygelyks Hessel Miedema, Jelle de Jong en Durk van der Ploeg sjoen as dat fan de nije generaasje dy’t har ein jierren fyftich opponearre); as skriuwer fan fernijend toaniel yn in tiid dat it sjenre in fernijing trochmakke; as redakteur fan it polemyske tydskrift Asyl (dat iepene mei it program ‘Tsjerne farwol’ en dat efterôf benammen bekend wurden is troch de krityk yn it foarlêste nûmer fan Bauke de Jong op Fryske-beweging-ikoan E.B. Folkertsma) ; en as skriuwer fan moderne, autobiografyske ferhalen – Piebenga syn debútroman hannele oer in mislearre houlik en syn ferhalen wiene skreaun fanút it perspektyf fan it bern fan in ‘foute’ heit.

Piebenga hat syn hiele libben publisearre, mar it grutste part fan syn wurk ûntstie tusken 1953 (it jier dat er debútearre mei in bernetoanielstik, De reis nei de Glêsberch) en 1971 (it jier dat it lêste nûmer fan syn ienmanstydskrift Prym-19 ferskynde). Syn lêste dichtbondel moast doe noch útkomme. Yn ’e rin fan syn skriuwende karriêre waard Piebenga hieltyd kritysker oer syn eigen wurk. Oan de lêste twa bondels, in ferhale- en in fersbondel, hat er nei eigen sizzen it langste skaafd. Mooglik is syn oeuvre dêrom lyts en oersichtlik bleaun.

Piebenga publisearre fjouwer dichtbondels (yn 1958, 1959, 1963 en 1977), wikseljend by Laverman en Osinga, en trije proazawurken: in roman en in novelle yn 1968 en 1969 by Miedema en in ferhalebondel yn 1970 by Osinga. Nei de dichtbondel Fersen foar Marida (1958) folgen De thermen fan Karratsjana (1959) en Fersen (1963). De rige waard fuortset mei proaza. Yn 1968 publisearre Piebenga syn debútroman, It lyk wurdt oantaest. It jier dêrop ferskynde Retour Juster, en de ferhalenbondel de rook fan mesjester seach noch wer in jier letter it ljocht. Hjirnei hat Piebenga gjin proaza mear útjûn. Yn 1977 ferskynde as lêste noch in dichtbondel, Myn sêftgrien famke (1977).

Njonken syn proaza en poëzij, publisearre Piebenga trije Frysktalige lêsboekjes foar bern (útjûn troch de Afûk yn 1975, 1976 en 1981) en ferskynden yn eigen behear – neffens de skriuwer sels alteast – fjouwer fersebondels mei skabreuze fersen (yn 1957, 1961, 1970 en 1971)  en in berneboek (It mantsje fan plesier, 1982). Sa’t syn bibliografy sjen lit, foarmje de ôfsûnderlike útjeften mar in lyts part fan syn hiele oeuvre. Mei-inoar levere er tusken 1950 en 2002 mear as seishûndert bydragen oan tydskriften, kranten en blomlêzings.  Op in pear stikken nei is syn oeuvre boppedat folslein Frysktalich.

Yn de bibliografy fan Tjitte Piebenga springe in tal saken yn it each dy’t justjes ôfwike fan it besteande byld fan him as skriuwer. Piebenga begûn en einige syn karriêre mei gedichten. Tusken 1955 en 1963 publisearre er hast tachtich gedichten yn De Tsjerne. De Tsjerne wie yn dy perioade neffens kritisy blomlêzend en net al te fernijend, en men soe fan in jonge, eksperimintele dichter as Piebenga ferwachtsje dat er him better thús fielde by de konkurrint fan De Tsjerne, Quatrebras. Fan dat blêd hie er yn 1953 lykwols al ôfskie naam. Syn earste publikaasjes yn De Stiennen Man (12) en yn Quatrebras (7, wêrfan 4 yn de foarrinder fan it blêd, De Golle) falle hast yn it neat by dy yn De Tsjerne.

Yn it twadde plak falt op dat de measte ferhalen fan Piebenga ferskynden tusken 1956 en 1974. Op ’e nij stiene fierwei de measte yn ien blêd (hast tweintich yn Frysk en Frij) en mar in hantsjefol yn oare blêden (lykas De Tsjerne, Asyl, Prym-19, De Strikel en Trotwaer). Dêrút folget dat Piebenga de periodiken dêr’t er warber foar wie, trou bleau. Hy skreau meastal mar foar ien blêd tagelyk, op syn heechst foar twa.

In lêste punt dat it neamen wurdich is, is dat mear as in treddepart fan Piebenga syn losse wurk bestiet út kritiken (sa’n 120 yn de Leeuwarder Courant en 70 yn Het Vrije Volk), essays en polemyske stikken, dêr’t er de diskusje yn socht mei kollega-skriuwers. Hy mocht graach stikelje. Tegearre mei Bauke de Jong joech er yn Arum, lykas sein, it twamantydskrift Asyl út (1963-1965) en allinnich makke er yn Ljouwert it hjirfoar al neamde ienmanstydskrift Prym-19 (1970-1971).

Wa’t Prym-19 iepenslacht, tinkt troch styl en ynhâld dalik oan it ienmanstydskrift fan de iennige Fryske kritikus foar wa’t Piebenga nei eigen sizzen bewûndering hie: Anne Wadman (1919-1997).  Wadman joech sa’n tsien jier earder De Teannewâdder (1961-1963) út, dêr’t acht nûmers fan ferskynden. Piebenga joech der al nei trije nûmers de brui oan. Wadman woe troch syn ienmanstydskrift útfine wat syn wearde wie as proazaskriuwer. Ta syn argewaasje waard der yn it iepenbier lykwols amper op reagearre. Doe’t de diskusje yn de media nei in pear nûmers einliks op gong kaam, murk Wadman dat syn posysje yn it Fryske literêre fjild dy fan in ienling wie. Ek Piebenga woe himsels troch syn tydskrift in ‘kâlde douche’ jaan. Ek al hie er doe – efterôf besjoen – it measte fan syn wurk al útjûn, neffens de skriuwer sels skreau er noch altyd net oer de dingen dy’t der écht ta diene. Hy joech ta dat de basis dêr’t er yn syn tydskrift op operearre dy fan de rankune wie. It literêre klimaat wie him te nuet, der hinge tefolle de sfear fan âlde freonen ûnder inoar.  Wadman einige syn ienmanstydskrift mei in brief dêr’t er yn oankundige de pinne del te lizzen. Piebenga syn tydskrift hâlde minder dramatysk op, it fjirde oankundige nûmer ferskynde gewoan net. Mar ek syn tydskrift einige mei in lange brief. Yn it lêste nûmer fan syn ienmanstydskrift skreau Piebenga in iepen brief oan Philippus Breuker – ien fan de resinsinten fan de rook fan mesjester – dêr’t er yn útlei wat him ta it skriuwen fan dy bondel beweegd hie: ‘Do moatst witte, ik hearde der yndie net by en noch net.’

Sawol Wadman as Piebenga skreaune har ienmanstydskriften beiden om har fjirtichste hinne, op it stuit dat har posysje al min ofte mear fêstlei. Beiden wiene teloarsteld dat har wurk yn Fryslân net better begrepen waard. Piebenga syn meast resinte bondel foar Prym-19 wie de rook fan mesjester, ferhalen dêr’t guon fan mei in Rely Jorritsmapriis bekroand wienen en dy’t basearre wiene op syn jeugd. Literatuer mei deselde tematyk as de rook fan mesjester – it inerlike konflikt fan in bern dat ferspuid wurdt troch de bûtenwrâld, mar dat noch net begrypt wat heit ferkeard dien hat – waard yn de Nederlânske literatuer pas fan de jierren tachtich ôf skreaun. Piebenga ferlike it skriuwen fan de rook fan mesjester sels mei it belieden fan skuld foar de mienskip: ‘Yn literatuer sit in stik katarsyske wearde’. Lykas safolle oare NSB-bern fielde er him skuldich foar de fouten fan syn heit. Bysûnder is dat Piebenga hjir al yn de jierren sechstich en santich foar út doarde te kommen, yn in tiid dat it tinken oer de oarloch hieltyd mear swart-wyt waard.

Fan 1960 ôf rekke Piebenga in pear kear yn depresjes fersille. De lêste kear wie yn 1985, doe’t yn Frjentsjer mei tanks en in soad flaggen fierd waard dat de befrijing fjirtich jier lyn wie. Dêrnei seach er yn dat hy de fouten fan syn heit net goedmeitsje koe of hoegde. Datkear skreau er ‘de hiele rotsoai’ op ’e nij fan him ôf, net foar publyk, mar foar himsels. Der hoegde gjin skuld mear beleden te wurden, hy hie syn eigen morele kar makke krekt sa’t eltsenien dat dwaan moast. Yn fraachpetearen lei er wol graach nochris út hoe ûngerêst er wie oer de skiedskriuwing oer de Twadde Wrâldoarloch, dy’t har hieltyd mear konsinstrearre op de lytse groep dy’t fout west hie. Yn in fraachpetear mei Gryt van Duinen sei er nei oanlieding fan it doe krekt ferskynde earste diel fan Schrijvers, uitgevers en hun collaboratie van Adriaan Venema:

‘Harry Mulisch hat in kear sein fan: ‘de Twadde Wrâldoarloch sil net earder útfochten wêze as wannear’t de lêste dy’t him meimakke ha stoarn is. Dan sis ik: dat is net wier. As ik no in Adriaan Venema gear sjoch oer skriuwers – net ûnterjochte! – [...] dan tink ik: no wer... dat dat no wer moat. De Twadde Wrâldoarloch is noait ôfrûn. Want ik ha bern, en Adriaan Venema hat miskien bern, en der binne oaren... Dan giet dy Twadde Wrâldoarloch krekt salang troch oant dat der in tredden komt.’

As kritikus en polemist wie Piebenga soms skerp, om’t er, op ’e nij krekt as Anne Wadman, fûn dat de Fryske literatuer sa’n hâlding fertsjinne. De Fryske skriuwers woene ommers sels graach foar fol oansjoen wurde. In heger nivo koe allinnich berikt wurde, at kritisy net te mijen wiene. It leafst joech Piebenga rivalen lykas Josse de Haan en Durk van der Ploeg in ‘grutte behanneling’. Al har útspraken oer Fryske literatuer hâlde er yn lange stikken tsjin in tige krityske ljocht. De wize dêr’t er himsels op posysjonearre hie lykwols ek gefolgen foar de ûntfangst fan syn eigen wurk. It seit bygelyks in soad dat yn de nijste Fryske literatuerskiednis de rook fan mesjester al net mear neamd wurdt.

Piebenga skreau al oer de gefolgen fan de kollaboraasje yn in tiid dat soks yn de rûnten fan de Fryske beweging noch in pynlik ûnderwurp wie. It foaroarlochske folk-en-lân-stânpunt, huldige troch in grut part fan de Fryske beweging, koe nei de Twadde Wrâldoarloch net mear lossjoen wurde fan it foute Blut und Boden-tinken en de joadeferfolging.

Foar de eftergrûnen fan de rook fan mesjester wie bûten Fryslân dan ek mear oandacht as yn Fryslân sels. Piebenga waard nei oanlieding fan syn ferhalenbondel yn de jierren santich troch de NCRV frege mei te wurkjen oan in dokumintêre oer bern fan NSB-ers. Fan dyjingen dy’t meidiene, wie hy iennige dy’t mei syn gesicht yn byld doarde. Ek al wie it him dêr sels net om te dwaan, Piebenga hat ien fan de earsten west dy’t oandacht frege foar it leed fan de twadde en soms ek noch tredde generaasje.

Dêrmei is fansels mar in part fan ‘it’ belang fan Piebenga foar de Fryske literatuer jûn. Dat moat miskien ek benammen ýn syn wurk socht wurde, dat troch in folgjende generaasje wer oars lêzen wurde sil as troch syn tiidgenoaten. Miskien dat de man dy’t him sels leafst ôfsidich hâlde, postúm dochs noch in grutter part útmeitsje kin fan it literêre systeem dêr’t er op reagearre en part fan útmakke.





info[at]jokecorporaal.nl - 0045 (0) 2830 7101